Nederlandse vertaling
Oan de leden fan it Algemien Bestjoer fan Wetterskip Fryslân

Underwerp: seedyk Westhoek-SwarteHarne
Ljouwert, 24 juny 2006  
Achte frou/hear,

Yn de deltadiken is 17cm ynkalkulearre foar seestiging. Dat is neffens de nije prognoses mar foar inkelde desennia tarikkend. En dus is de folgjende lanlike dyk­fersterkingsronde al yn tarieding en moat, om net al te ûnferantwurde oer tiid te reitsjen, de útfiering mei gauens en yn heech tempo oppakt wurde. Want de útfiering fan de Deltawet ferge sa'n 40 jier.

Dat betsjut dat fanôf no miljarden(!!) euro's en bykommend gâns natûr en lânskip besparre wurde kinne mei wat ik op www.deboer.tk al fierhinne ûnderboud haw oer it bestean fan gâns oerdimensionearing yn de deltadiken, neist te folle asfalt sa'n 2 meter oerhichte. Dat allegearre al fertsjinje kinne troch net mear te dwaan as in yn wurklikheid trochbrekfrije dyk sterk genôch te achtsjen foar it om de ieu talitten fan it oant de krún ta kommen fan de heechste weachoprinners, dat wol sizze it duo gêrsmatte/taludskeante nei 50 jier 'deltanormen' alteast wer in fraksje fan syn wurklike betsjutting takennne, dêr falt grif ek fanút de polityk belangstelling foar te krijen. Neffens my genôch om de wettersteat te befrijen fan in mooglik oanwêzige wetlike ferplichting ta it útfieren fan de 'deltanormen' en dêrmei ta fêsthâlden oan en ferdigenjen fan in gruttendiels op emoasjonele grûnen keazen dykboumetoade as in op technyske arguminten keazen metoade.

Dêrom soe it my net fernuverje dat al mei gauwens gâns in opskowing plak fynt yn de rjochting fan de yn Ost- en Nordfriesland hantearre dykboumetoade, dy't yn de site­waasje fan Westhoek-SwarteHarne útkomt op in gêrsdyk, gruttendiels sels sûnder in stiennen teanferdigening. Foar de kuier 'seedyk om' safolle moaier en benammen ek op it punt fan ûnderhâld safolle geunstiger, dat it begrutlik wêze soe noch ryklik 13 hectare nij asfalt oan te bringen krekt foarôf oan de oergong nei dy nij yn te fieren dykboumetoade.

Reden jimme nochris te freegjen gebrûk te meitsjen fan de mooglikheid alteast noch te soargjen foar in gâns grienere útfiering as neffens de 'deltanormen' troch it wurk oan dizze, kwa trochbreksterkte allinnich al as sânbult tarikkende seedyk, oer 2 jier út te smarren. It dogmatyske festhâlden oan de 'deltanormen', hat al genoch skea dien. Yn it bysûnder by de 3 gefallen sa't dy ik op in taheakking út de doeken doch . Gefallen, wêrby de foarkar fan benammen Steate­leden foar in grienere dyk as neffens de 'deltanormen' fersterke spile fanwegen it sa beskikber kommen fan noch gâns gruttere foardielen as yngefal it om oars neat as it ta deltadyk meitsjen fan in seedyk gie.
Mei achtinge, ir. Sible de Boer