Beide stikken dy't ik jimme inkelde wiken lyn oangeande boppesteande saak mailde, hawwe dus suver net oan de oarder west yn de WW- en AFW-gearkomsten fan moandei 15 maaie. Twa fan jimme dêrnei frege, krige ik it gebrûklike antwurd oangeande it dwaan en litten fan in Algemien Bestjoer. Sels al soe it hjirre net om feroarje fan in al nommen beslút gean, dan noch is it Algemien Bestjoer yn mearderheid fan betinken dat yn sa'n dyksboutechnyske kwestje it foardiel fan de twifel jûn wurde moat oan wat it (troch deskundigen advisearre) Deistich Bestjoer as kar makke hie. Dêrom wurdt it as doelleas sjoen ûnderlizzende rapporten te bestudearjen, wat op syn beurt de ynterpretaazje nei de fergaderstikken gjin goed docht. Dêrom ek wie yn oerlis tusken kommisjeleden konkludearre dat it gjin doel hie jimme de (taheakke) tabel te mailen. It soe de sfear gjin goed dwaan yn byld te bringen dat it plan syn goedkarren te tankjen hie oan falske arguminten.
Om as earste te neamen it argumint "dat onomstotelijk vast staat dat het Rijk dit verbeteringswerk dient te financieren", ûnderwilens trouwens yndirekt al as falsk erkend (troch in wetterskipsamtner yn de AFW-gearkomste én troch deputearre Bijman foarige wike yn syn skriftlike antwurd op in troch de FNP stelde fraach). En as twadde it argumint dat de tastân fan de seedyk it nimmen fan oerhaaste maatregels ferge om net it kommende stoarmseizoen mei 10% kâns troch te brekken (by in stoarmfloed mei in frekwinsje fan 1/10). Lykwols stiet oer de kâns op trochbrekken yn de ûnderlizzende rapporten "dat ook bij het optreden van een storm met lagere overschrijdingsfrekwentie dan 1/4000 er een reële kans is op het bezwijken van het asfalt ter plaatse van de schadeplekken", mei oare wurden dat net earder as by in stoarm mei in frekwinsje fan ûngefear 1/1000 op it swierst dêrfan in gat(sje) yn it asfalt ûntstean kin en dat ek noch nearne oars as by de konstatearre skeaplakken. Dat betsjut om te begjinnen al dat jimme de kâns op trochbrekken fan de dyk 1000/10 is 100 kear slimmer foarhâlden is as de kâns op de stoarm dy't in gat(sje) yn it asfalt meitsje kin. As ferfalsking ferfolgens noch ekstra fersterke troch jimme as byld foar te hâlden dat dan ynienen safolle sân troch it ûntstiene gat(sje) ûnder de asfaltbeklaaiing weirint dat dy daliks yn elkoar sakket en de dyk trochbrekken docht. Dat ek dat byld tige falsk is, leit al besletten yn it feit dat op dat punt neat te lêzen falt yn de ûnderlizzende rapporten en dat dy dêrmei anneks ek net warskôgje dat de besteande dyk net mear in stoarmfloed mei in frekwinsje 1/4000 oan kin, dat wol sizze net mear oan de 'deltanormen' foldwaan soe.
En dat sân lang net sa folle en lang net sa hurd út de dyk ferdwynt as jimme foarhâlden is, falt boppedat yn byld te bringen troch dizze dyk folslein út dúnsân opboud te tinken en him ferfolgens as dún op ôfslach te berekkenjen. Yn it rapport WWKZ-81.H230 'Toepasbaarheid van het programma DUINAF voor dijken' hat Rijkswaterstaat, directie Waterhuishouding en Waterbeweging, district Kust en Zee, dat yn 1981 alris útwurke foar de Noarderleech-dyk. Oanlieding dêrfoar wie dat it Wetterskip én Provinsiale Wettersteat harren der noch net by dellein hiene dat krekt dêrfoar, tsjin harren advizen yn, troch Provinsiale Steaten by moasje frege wie de seedyk dêrre as 'griene dyk' út te fieren. Doel wie de beide dwerslizzers mear by de werkelikheid te bringen oangeande it troch harren útbrochte stânpunt dat sa'n dyk sa min opwoeksen wêze soe tsjin in superstoarmfloed, dat it gjin doel hawwe soe sa'n 1 miljoen gûne te spendearjen oan it 1:1 úttesten fan de sterkte yn de weachgoate fan it Waterloopkundig Laboratorium. Sa't de taheakke, foar dizze dykfoarm opsette tekening as útkomst fan de ôfslachberekkening yn byld bringt, presteart in superstoarmfloed by in dún yn dizze dyksfoarm kwa erosie net mear as noch gjin 10% fan it sân nei leger nivo te transportearen. Der bliuwt noch safolle sân op syn plak, dat noch ryklik oan de 'deltanormen' foldien wurdt.
Sa'n berekkening docht konkludearjen dat nei it ûntstean fan in gat yn it asfalt mar in ûnfoarstelber lyts bytsje sân troch it gat ferdwynt en dat dêrmei anneks nei ôfrin fan de stoarm net iens folle te reparearen falt. De mearwearde fan goed asfalt is net folle mear as dat de seedyk by stoarmfloeden mei in lytsere kâns fan foarkommen as om de 1000 jier ek noch frij fan ûnderhâldskea bliuwt. Mar wêrom as wetterskip dit foarjier dan sa'n protte needmaterialen nei de seedyk bringe en no oerhaast oer de folsleine breedte fan 22 meter wer itselde materiaal oanbringe wolle dat gâns minder foldie as ferwachte wie? Neffens my taktyk om de wurksumheden noch op deselde wize betelle te krijen as by de earste oanlis fan de deltadiken it gefal wie, dat wol sizze foar de folle 100%. En sa't dykgraaf Kingma doe útgeande fan sa'n finansiering mei net minder asfalt as neffens de 'deltanormen' folstean woe om't hy dêr de leechste ûnderhâldkosten fan ferwachte, sa liket hy der no noch oer te tinken. Dat dat as in ferkearde kar yn byld komme soe as by dit dyksfek in ombou ta in grienere dyk plak fine soe, wie mooglik in ekstra stimulâns foar it trochdrukken fan in koarte beswierskriftprosedure, sûnder twongen te wurden ta in fergeliking mei alternativen.
Tsjin dy eftergrûn liket dykgraaf Van Erkelens jimme in triuw jaan wollen te hawwen troch yn de lêste AFW-gearkomste
út te sprekken dat in 'griene dyk' syn foarkar krije soe as no noch begûn wurde moest. Troch moarn te beslúten noch de
folgjende dei te stopjen mei it fierder slopen oan dizze, noch ryklik oan de 'deltanormen' foldwaande dyk, falt fan fierwei it
grutste part fan de oannimsom noch 90% te besparjen en boppedat kin dan rêstich mei ynbring fan Dútse praktykfeiten in
fergeliking makke wurde mei alternativen. Grif dat dan de grutte foardielen ûnderkend wurde fan in ombou nei in grienere
dyk sa't dat al yn de jierren tachtich op Skiermuonteach ynsjoen waard doe't it (mear op de sinne lizzende) asfalt fan de
noch mar goed 20 jier jonge deltadyk dêr gâns mear oantaast wie as op't heden by dizze seedyk noch mar de praktyk is.
Foar dit gefal kinne jimme dochs net folhâlde dat it Algemien Bestjoer gjin eigen miening hawwe kin oer dykboutechnyske
saken, dêrmei ien man út it Deistich Bestjoer syn foarkar trochdrukke littend?
Mei rju achtinge, ir. Sible de Boer
Ombou asfaltdyk ta 'griene dyk' neffens email 11.05'06:
Utgeande fan it oanbringen fan in laach klaai fan 1,50m tsjûkte, moat op hichte fan boppekant asfalt 1,30 m sân
útgroeven wurde (tsjûkte fan te ferwiderjen asfaltlaach is 0,20m). It op dat nivo frijkommende sân wurdt brûkt foar it heger
meitsjen fan de dyk op leger nivo plus foar ferbreedzjen fan de dyk. It is ryklik genôch om de Dútse berinskeante 1:6 te heljen,
want dêrfoar is net mear nedich as de dyk ca. 1,70 m heger te meitsjen (nei ca. NAP +3,50m) by wat no ûnderkant asfalt is. Dy
hichte wurdt dus suver al helle troch de 1,50 meter nije klaai. It oerbliuwende sân is grif tefolle om, sjoen de al oanwêzige
hichte fan it foarlân, folslein nedich te wêzen foar de ferbreding fan de dyk. It kin brûkt wurde om de bûtenkant noch flakker
as 1:6 te lizzen (foar de asfaltlaach is/wie dat 1:4,4).
De no al foar in grut part ûnder it foarlân ferdwûne basalt kin útgroeven wurde en brûkt foar in stienferdigening oant in
hichte fan ca. NAP +2,50m op plakken dêr't noch gjin begroeid foarlân ûntstien is. Mar mei in tempo fan jierliks sa'n 3 cm giet
dat op't heden sa folle hurder as de seestiging, dat it net lang mear duorret of it folsleine dyskfek hat foarlân (nei't it
ferûntdjipjen fan it Waad as gefolch fan de ôfslúting fan de Sudersee him earst rjochte op OPslykjen fan de oant wol 30 meter
djippe slinken, begjint it de lêste jierren mear en mear sichtber te wurden as OANslykjen).